D66 wol 65 miljoen út Fryske reserves helje foar it klimaat

11 feb 2019 - 14:22

Alle listlûkers fan D66 by de provinsjale ferkiezingen wolle dat provinsjes it jild út reserves útjouwe oan klimaatmaatregels. Yn hiel Nederlân giet it dan om goed fiif miljard euro dat yn it klimaat moat. Dat jild yn de reserves komt faak út de ferkeap fan oandielen fan enerzjybedriuwen, sa as Nuon yn Fryslân.

Foto: D66

Yn Fryslân moat der, as it oan D66 leit, 65 miljoen euro út de reserves helle wurde foar it klimaat. Listlûker Romke de Jong: "We wolle subsydzjes biede oan projekten foar bygelyks enerzjy-opslach, mar we wolle ek graach alle wenningen en bedriuweterreinen yn 2040 enerzjyneutraal ha. En in 'iepen enerzjy-fûns' komme, wêrby't elkenien lieningen oanfreegje kin om de eigen wenning enerzjyneutraal te meitsjen."

Wy wolle graach sjen litte wat wól kin.

D66-listlûker Romke de Jong

In wike lyn rôp it CDA just noch op om net troch te slaan yn de miljeu-ambysjes. Mar neffens D66-listlûker Romke de Jong binne de klimaatplannen fan syn partij net in reaksje dêr op. "Wy wolle graach sjen litte wat wól kin. We tinke dat we in hiel soad maatregels en oplossingen foar dit probleem hawwe. Ik tink dat we dêr útkomme moatte."

"D66 slacht troch"

Deputearre en CDA-listlûker Sander de Rouwe seit dat syn partij wol wat oan it klimaat dwaan wol, mar dat D66 trochslacht. "Wy wolle graach nei de útfiering fan de plannen fan it Parys-akkoart. Dus we traapje net op de rem, mar we jouwe grien gas. It moat allinnich wol betelber wêze. D66 seit: al it jild nei it klimaat. Dat mei, mar dan slaan se troch. Dat betsjut gjin jild nei oare foarmen fan ekonomy, net nei kultuer, net nei iepenbier ferfier. En it jild fan Nuon ha we foar in grut diel al útjûn. Dat kin net noch in kear útjûn wurde."

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Dat it mei it klimaat 1 minút foar tolven is, sjocht De Rouwe net sa: "We dogge al in hiel protte, ek yn Fryslân. It wichtichste bliuwt dat it betelber is. Net alles kin. Wy dogge it op in ridlike manier."

Fryslân moai efterlitte

De Jong op it kommentaar fan De Rouwe: "It klimaat libbet, sjogge we ek yn it lân. En it giet der net om wat der net kin, mar wat wol kin. Dat lit D66 no sjen. Der is draachflak. Minsken wolle in moai Fryslân efterlitte, ek foar de kommende generaasjes. Dat kin no."

(advertinsje)
(advertinsje)