Lulke pulsfiskers byinoar op Urk om mooglike aksjes te bepraten

11 feb 2019 - 13:06

Tsientallen pulsfiskers ha moandei op Urk praat oer mooglike aksjes as dizze wike dizze foarm fan fiskerij ferbean wurdt. Yn Straatsburg prate de Europeeske Ried, de Europeeske Kommisje en it Europeesk Parlemint oer de takomst fan it pulsfiskjen. It liket der no op dat it ferbean wurdt. De konsekwinsjes foar de Nederlânske fiskers binne grut, sa sizze de belange-organisaasjes.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De fiskers stelle dat se in ferbod op de pulsfiskerij net akseptearje kinne. De belange-organisaasjes dogge no in lêste berop op premier Mark Rutte. Se fine dat hy kontakt opnimme moat mei de Frânske presidint Macron. Benammen de Frânsen ha in soad beswieren tsjin dizze foarm fan fiskerij.

De fiskers binne benaud dat as it ferbod der komt in grut part fan de floot ferlern giet. De kosten, benammen brânstofkosten, rinne op en dat is foar in soad net op te bringen.

De belange-organisaasjes wize der op dat it no liket dat de Europeeske politisy in beslút nimme op basis fan emoasjes. Benammen yn Frankryk ha miljeu-aktivisten kampanje fierd tsjin it pulsfiskjen.

Mei pulsfiskje wurde platfisken lykas skol en tong mei in swak elektrysk pulske opskrikt fan de boaiem. Se skrikke op en swimme sa it net yn. It foardiel is dat minder fersteuring fan it boaiemlibben is en ek folle minder byfangst. Boppedat wurdt in soad brânstof besparre.

Trefwurden: 
aksje fiskerij Pulsfiskje
(advertinsje)