Mingde reaksjes op iisfontein Dokkum: "It liket wol in stjonkswam"

11 feb 2019 - 13:00

Mingde reaksjes moandei op it merkplein yn Dokkum, dêr't de iisfontein te plak setten waard. "De fontein is prachtich en it plein hat yn jierren net sa moai west as no", fûn in frou. "Wy eamelje wol altyd, mar dit mei ek wolris sein wurde."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Stjonkswam

Dochs wiene der ek krityske lûden te hearren. Besikers fan it plein betitelen de fontein as 'stjonkswam'. "Unsin", fine oaren. "Dit is gjin stjonkswam, dit is keunst", ropt in oare man. "Dat slacht nergens op. Dit is unyk. Alle minsken moatte hjir komme."

Yn Dokkum bongelje wy der altyd wat achteroan.

Besiker merkplein Dokkum

Dokkumers moasten lang wachtsje oant de iisfontein lang om let pleatst waard. Mar dat binne se yn Dokkum wol wend, die al gau bliken. "Yn Dokkum bongelje wy der altyd wat achteroan", lake ien fan de froulike besikers fan it merkplein.

De measte reaksjes binne lykwols posityf. "Moai dat Dokkum no ek meidocht. Ik fyn 'm der hiel moai útsjen, mar ik moat 'm noch efkes fan tichteby besjen." Of sa't in man dat sei: "Hy falt my alles mei. Hy past ek wol goed op it plein. Dat is altyd ôfwachtsjen hoe't it resultaat is. De earste yndruk is posityf."

Offisjele iepening

De Mannen van Staal binne yntusken klear mei it pleatsen fan de iisfontein. De fontein docht it no lykwols noch net. Michael Plooij fan de Mannen van Staal: "De offisjele iepening fan de fontein is 22 febrewaris."

Bauke Deelstra yn Dokkum

Trefwurden: 
Dokkum iisfontein 11Fountains
(advertinsje)
(advertinsje)