Flylanners toane measte leafde fia blommen, ballonnen en sûkelade

11 feb 2019 - 11:42

Dizze wike is de lanlike dei fan de leafde der wer: Falentynsdei. Op tongersdei jout hiel Nederlân ekstra omtinken oan syn of har leafde. Ut ûndersyk fan Greetz, it online platfoarm foar ferrassingen, docht bliken dat de ynwenners fan Flylân fan alle Nederlanners de measte oandacht oan Falentynsdei jouwe.

Foto: Greetz

Neffens it ûndersyk ferstjoere de Flylanners neist kaartsjes benammen blommen, ballonnen en sûkelade. Mannen ferstjoere earder de blommen en de froulju kieze meastentiids foar de sûkelade.

Net allinnich Flylân docht it goed neffens it ûndersyk. De eardere gemeenten Kollumerlân en Dongeradiel en de gemeenten Ljouwert en it Hearrenfean meitsje de top-5 kompleet.

Yn de rest fan de provinsje wurde minder ferrassingen ferstjoerd: Fryslân stiet as provinsje op it achtste plak. Wa't de measte kâns meitsje wol op in ferrassing kin it bêste nei Súd-Hollân ferhúzje.

Trefwurden: 
Flylân kaarten Falentyn
(advertinsje)