Regionale omroppen wurkje gear foar bettere ûndersykssjoernalistyk

Omrop Fryslân, RTV Oost, RTV Drenthe en RTV Noord bondelje de krêften op it mêd fan ûndersykssjoernalistyk. It is foar it earst dat de regionale omroppen yn Noardeast-Nederlân struktureel gearwurkje sille op redaksjoneel gebiet.
Regionale omroppen wurkje gear foar bettere ûndersykssjoernalistyk
Media-minister Arie Slob hat moandei 11 febrewaris yn de studio fan RTV Oost it startskot jûn foar it gearwurkingsprojekt. Slob is tige te sprekken oer it plan.

Goos de Boer

It gearwurkingsprojekt wurdt koördinearre troch Goos de Boer; in betûft ûndersykssjoernalist fan RTV Noord mei ek ûnderfining as liedingjaande. Hy inisjearret en stimulearret de mienskiplike ûndersiken fan de fjouwer omroppen. Dêrnjonken draait hy sjoernalistyk mei by de ûndersyksprojekten.
© Omrop Fryslân

Kontenerramp

"In foarbyld is bygelyks de kontenerramp", ljochtet einredakteur Janjelle Ringnalda fan Omrop Fryslân ta. "Dêr kinne we prima ferslach fan dwaan, mar in folgjende stap is om der fierder yn te dûken en te sjen nei fragen as hoefolle skippen farre der eins en hoefaak ferliest in skip lading. Dêr moatst tiid ynstekke om dat út te sykjen en dat ha we faak net om't it folgjende nijsferhaal der al wer is. We ferjitte sa it ûndersyk wolris en dat moast dus oars."
Mei de gearwurking kinne de omroppen elkoar stypje. "Sa wienen by ús in skoft lyn de minne balkons fan jierrensantich flats yn it nijs, en sokke balkons binne der fansels ek yn Grins."
Mei dit plan is no in koördinator dy't de ferhalen fan de omroppen besjocht en as der in ferhaal yn meardere provinsjes spilet, siket er dêr sjoernalisten by. "We binne no oan it sjen nei de drugskriminaliteit yn it noarden bygelyks."
De fjouwer omroppen betelje allegear mei oan it projekt en dat is goedkeaper as dat se allegear apart dwaan soenen.
Janjelle Ringnalda oer de gearwurking
© Omrop Fryslân, Sybren Terpstra