Wa kin in gedicht fan Eeltsje Hettinga it bêste oersette?

11 feb 2019 - 11:28

Wa kin it gedicht 'De redens fan it wurd' fan Eeltsje Hettinga it bêst oersette yn it Nederlânsk? De Dichter fan Fryslân freget dat yn gearwurking mei It Skriuwersboun. Foar de bêste oersetter leit 250 euro klear. Boppedat wurdt de oersetting publisearre. "Dus klim yn 'e pinne", ropt Hettinga elkenien op.

Foto: Jacob van Essen

Doel fan de oersettingswedstriid is om minsken op ferskate wizen yn 'e kunde komme te litten mei Hettinga's poezy. Mar it is noch in flinke opjefte, fynt de Dichter fan Fryslân. "Yn it foarste plak is de dûbelsinnige titel al in útdaging", seit Hettinga. "Silst as oersetter dy dûbelsinnichheid oersette moatte. Mar meist de frijheid nimme om der hiel wat oars fan te meitsjen."

Ik neam oersetten altyd in foarm fan kannibalisme.

Eeltsje Hettinga

De grutte fraach is fansels: wêr moat in goeie oersetting oan foldwaan? Hettinga: "Ik neam oersetten altyd in foarm fan kannibalisme. It gedicht is fan in oar, mar moast it dy eigen meitsje. Moast der fisyk ynkrûpe en yn dy omgean litte om it nei dysels ta te lûken en der wat nijs fan te meitsjen. Sûnder dasto tekoart dochst oan foarm en ynhâld. Ritme, rym en byldspraak; alles moat bewarre bliuwe, mar dochs moat it wat nijs wurde wat it orizjineel belykje kin."

Wa wol de útdaging oangean?

Wa't dit wol wat taliket, kin mei ûndersteand gedicht oan de slach:

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,

yn katedralen ek en hannen fan fammen

op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht

sa't har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,

stal kriget yn de bylden fan it gedicht

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,

it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,

o, swierder is as de taal dy't har bewiist

as ferrifeljend iennachtsiis, brekber en

net te betrouwen, dat nea de lading dekt

fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.

Al wat fan har is, is de slach dy't ik mis.

Winner

De bekendmakking fan de bêste Nederlânsktalige oersetting is op sneon 30 maart op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.

De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: info@dichterfanfryslan.nl. Dat kin oant en mei snein 24 maart.

Harkje nei Eeltsje Hettinga

Sjoch foar mear ynformaasje op www.dichterfanfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)