Healthy Ageing Tour dit jier wer troch Fryslân

De fjirde etappe fan de hurdfytswedstriid Healthy Ageing Tour giet troch Fryslân hinne. De fytsters starte op saterdei 13 april yn Wolvegea en komme oan op It Hearrenfean. In jier lyn begûn de etappekoers mei in tiidrit op It Hearrenfean.
Nei't de froulju yn Wolvegea starte, ride se troch Aldeholtpea, Teridzert, Mildaam, Ketlik en De Knipe. Op It Hearrenfean ride de froulju noch twa rûntsjes fan goed santjin kilometer. De finish is by Sportstad oan de Abe Lenstra Bûlevaar.
Olympysk kampioene Anna van der Breggen wie foarich jier de winneres op It Hearrenfean.
Anna van der Breggen ferline jier op It Hearrenfean © www.orange-pictures.nl