Mûze-eksploazje yn súdwesten fan Fryslân

11 feb 2019 - 10:32

Yn parten fan Súdwest-Fryslân is it tal fjildmûzen yn jannewaris eksplosyf tanaam. Dat konkludearret Sovon Vogelonderzoek op basis fan fûgeltellings. Der binne dit jier in hiel soad mûzefrettende fûgels sjoen. Sa is der in rekôr tal wite reagers teld. Ek binne der in soad ielreagers, blauwe hoanskrobbers, wikeltjes, fjildûlen en rûchpoaten.

Mûzepleach

Net allinnich de fûgeltelling wiist út dat der opfallend folle mûzen binne. Op guon plakken wie it ek hiel goed oan it lân sels te sjen, dat der in soad mûzen sieten. Oft dat krekt lykas yn 2014 en 2015 ta in pleach liede sil, is no noch net te sizzen.

Wylde fjildmûs - Foto: Shutterstock.com

Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek

Ielreager op syk nei mûzen - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Kâld en rein

Sûnt de tellings binne der in pear hiel kâlde nachten west en is der bytiden in soad rein fallen. Dat kin der foar soargje dat de groei fan it tal mûzen keard is. Mar oant no wurde der noch hieltyd in soad mûzefrettende fûgels sjoen yn de greiden.

(advertinsje)
(advertinsje)