Pannen ûntromme by wenningbrân yn Ljouwert

11 feb 2019 - 10:25

Oan de Aert de Gelderstrjitte yn Ljouwert hat moandeitemoarn in wenningbrân west. By it bestriden fan de brân hat de brânwacht de omlizzende pannen ûntromme. De brânwacht hat de brân yntusken ûnder kontrôle. Meardere wennings rûnen reekskea op.

Foto: AS Media

De brân wie op de earste ferdjipping. De brânwacht wie útriden mei twa weinen en in heechwurker. Der wiene gjin minsken mear yn it pân.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)