Piet 25 jier op telefyzje: "It fielt as wurdearring fan hiel Fryslân"

11 feb 2019 - 13:38

Piet Paulusma hat syn 25-jierrige jubileum by Omrop Fryslân. Moandei 11 febrewaris presintearret Piet Paulusma eksakt 25 jier it waar by Omrop Fryslân op telefyzje. In moaie opstekker foar de waarman dy't ôfrûne wike bekend makke dat hy nei 23 jier fuort moat by SBS.

Op 11 febrewaris 1994 presintearre Piet Paulusma syn earste waarberjocht yn it telefyzjeprogramma Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy wurke doe al as waarman foar Omrop Fryslân, dêr't er sûnt 1985 op radio te hearren is. Dat wie doe noch yn de studio fan de Omrop, mar rap gong Piet nei bûten. "Dêr is per slot fan rekken it waar." De waarman wie op allerhanne lokaasjes te sjen, dêr't er syn waarberjocht die.

Hichtepunten

Freegje nei syn hichtepunten en Piet hoecht net lang nei te tinken. "De Alvestêdekoarts fan 1995/1996 en de Alvestêdetocht fan 1997. Gjin twivel oer mooglik." Mei troch dy Alvestêdetocht waard de waarman oppikt troch de nasjonale sinder SBS6.

Lanlike trochbraak

Dat hy lanlik trochbruts, is neffens Piet te tankjen oan Omrop Fryslân en syn Alvestêdetochtbydragen. Hy foel op troch syn talint en it presintearjen fan it waarberjocht bûten.

Oant moarn

By de earste útstjoering fan SBS6 besleat Piet om oan de ein fan syn waarberjocht 'Oant moarn' te sizzen. Al gau waard de siswize yn hiel Nederlân brûkt.

Piet Paulusma krige blommen fan ferslachjouwer Bauke Deelstra - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Wurdearring fan Fryslân

Foar Piet is dit jubileum no ekstra bysûnder: "Dat ik de 25 jier op deselde stjoerder helle ha, fielt foar my as in persoanlik rekôr. In enoarm barren en it fielt as wurdearring fan hiel Fryslân."

Noflike gearwurking

Al 33 jier binne Omrop Fryslân en Piet Paulusma oan inoar ferbûn, in noflike gearwurking neffens Piet: "Sawol de liedingjaanden as de meiwurkers binne fantastysk. Doe't ik by SBS begûn haw ik fan it begjin ôf sein: 'Ferplichtsje my net op te hâlden by Omrop Fryslân, want dat doch ik net.' Gelokkich wie dat gjin probleem."

Piet Paulusma ûnder syn earste útstjoering yn 1994 - Foto: Omrop Fryslân

Wat Piet krekt bydein ha sil no't syn kontrakt by SBS6 ein fan dit jier ôfrûn is, is noch net dúdlik. "Der sil noch wol in oantal jierren bykomme, mar gjin 25 jier mear", knypeaget er.

Piet Paulusma oer syn jubileum

Yn Fryslân Hjoed sjogge we dizze moandei mei Piet werom op de ôfrûne 25 jier en litte we fansels it allerearste telefyzjewaarberjocht sjen. Piet hat dy alderearste útstjoering al even opsocht: "Prachtich, ik sjoch derút as myn soan!"

Utstjoering weromsjen?

Nocht krigen om mear Omropprogramma's werom te sjen? Gean dan nei www.weromrop.frl. Fan Sybe Satellyt oant Sadwaande en fan Van Tuinen thús oant Baas boppe Baas, alle peareltsjes binne werom te finen op dizze argyfwebside.

(advertinsje)