IIsfontein Dokkum lang om let dan dochs te plak

11 feb 2019 - 09:34

De iisfontein fan Dokkum wurdt lang om let op syn plak set. De koperen fontein wurdt moandeitemoarn troch de Mannen van Staal nei it plak fan bestimming brocht. En dat is mei sa'n bouwurk noch in hiel 'och-heden'.

It Kulturele Haadstêdjier is alwer efkes foarby yn Fryslân. Ien fan de meast besprutsen projekten wie dat fan de alve fonteinen. Mar der wiene úteinlik mar tsien. Oant moandei, want dan wurdt de iisfontein fan Dokkum lang om let op syn plak set op de merk yn Dokkum.

Bram Hulsman is projektlieder fan de provinsje Fryslân. Hy is wiis mei it einresultaat: "Dit was by far de moeilijkste fontein van de elf. Het heeft iets langer geduurd, maar nergens ter wereld bestaat een ijsfontein. Het uitdokteren van hoe dit in elkaar zit, heeft de nodige tijd gekost."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Tinkwurk

It projekt is al yn 2017 úteinset. "Het denkwerk is echt enorm geweest", jout Hulsman ta. "Maar als je kijkt hoe mooi het allemaal in elkaar zit, dat is echt fantastisch."

Under de fontein sitte allerhanne kabels en liedings. "Dit is een chaos van koelleidingen en draden met sensoren voor de aansturing van de vernevelingsinstallatie. Die zorgt voor water in de lucht. De nevel slaat neer op de sculptuur die onder nul is en dan krijg je ijsvorming. Als 'ie aanstaat krijg je een fantastisch mooie, witte fontein. We hebben testen gedaan en je ziet dat je ieder uur een ander beeld hebt."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra folge de tocht troch Dokkum

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)