Kollum: "In echte ezel"

11 feb 2019 - 08:28

"'Sorry dat ik wat letter bin, mar ik stie krekt noch efkes mei in kavia te praten.' 'Ja sjoch, hjirfoar ha ik in skoftke ferkearing hân mei in shetlandpony.' 'No, ik sil sa dy kant op, want ik moat de baarch ophelje fan gymnastyk.' Sis ien fan dizze trije sintsjes lûdop op in feestje en wurdst oansjoen of doochst net. En it soe fansels ek bizar wêze as it wier wie, want in minske en in bist; dêr sit dei en nacht ferskil tusken. Dat is net te fergelykjen. En dochs binne der minsken dy't dat wol dogge.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't de Partij voor de Dieren yn 2002 oprjochte waard, wie Nederlân it twadde lân dat in politike partij krige, dy't him spesjaal rjochtet op bisten. Dútslân gie ús foar. Yntusken binne der njoggentjin lannen mei in bistepartij. En dêr bliuwt it net by, want sels yn Pakistan en Oekraïne binne der minsken dy't in partij foar bisten opsette wolle. As oft se dêr gjin gruttere problemen ha op dit stuit. Mar goed, elk syn eigen fansels. Allinnich begjin ik my sa stadichoan wat te steuren oan de saken wêr't al dizze bisteleafhawwers har mei bemuoie.

It Kallemooifeest op Skier bygelyks. Dêr wurdt tradysjegetrou in hoanne foar twa dagen opsletten yn in koer en boppe yn in peal hise. Bysûndere tradysje, dat jou ik ta, mar sa giet it al jierren. Mei net mear, fine bisterjochte-aktivisten. It is net allinnich skande foar dy earme hoanne, mar it jout boppedat it ferkearde byld oan al dy bern op Skier oer hoe't se omgean moatte mei bisten. En dus komt der in rjochtsaak tsjin de fergunning dy't boargemaster Ineke van Gent ôfjoech foar it feest.

De libjende kryststâl; noch sa'n moai foarbyld. Yn Ljouwert siket de gemeente nei alternativen om de libjende bisten te ferfangen. Dat docht de gemeente nei oanlieding fan fragen fan de Partij voor de Dieren. Neffens de partij soarget in libjende kryststâl foar stress by de bisten. Dat wy as minsken krekt foar de krystdagen as in stressige pyk sûnder kop omrinne fanwege de ynkeapen foar it krystmiel, dêr hearst de Partij voor de Dieren net oer.

Mar myn nekhierren gongen pas echt oerein stean doe't ik it berjocht lies oer de bargehâlders yn it Brabânske plakje Biezenmortel. Dêr brânden twa wike lyn trijen bargestâlen ôf, wêrby't hast 3000 bargen omkamen. Dat moat ferskriklik west ha. Ik kin my it lûd net foarstelle dat der út dy stâlen kaam wêze moat. Gelokkich wie ík der ek net by, mar de eigeners wol. Dy moasten tasjen hoe't harren bisten en harren libbenswurk yn flammen opgong.

Yn plak fan in hert ûnder de riem krige de bargeboer in klodder graffity op syn hûs. Biste-aktivisten spuiten 'Burn in hell' op de wenning fan de famylje. 'Burn in hell'; krekt oft dy minsken noch net yn in hel sieten. Want wat dy biste-aktivisten har skynber net yntinke kinne, is dat in boer fan al syn bisten hâldt. Net dat er se alle dagen op 'e skoat nimt om te aaien, krekt as wy ús kat, of der mei te kuierjen giet, sa as wy mei ús hûn. Mar hy hâldt wol fan syn bisten. Op in oare wize as dat wy dat dogge, mar dêrom is in boer net fuortendaliks in bistebeul.

Mar dat skine biste-aktivisten mar net begripe te wollen. Dat minsken op Skier werklik net alle dagen in hoanne yn in bakje opslute en omheech hise. Dat minsken dy't har ezel útliene oan de libjende kryststâl yn Ljouwert fan harren bisten hâlde, mar dy wille ek oan in oar gunne, sadat bern dy't op sân heech yn in flat yn Bilgaard wenje, no ek ris in ezel aaie kinne. Mar as it oan de Partij voor de Dieren leit, stiet dêr tenein in dea, opsetten bist. En dan freegje ik mysels wolris ôf; wa is hjir no écht de ezel?"

(advertinsje)
(advertinsje)