Westereender moat auto ynleverje nei't er trije kear sûnder rydbewiis rydt

11 feb 2019 - 07:57

In 48-jierrige Westereender moat it foarearst dwaan sûnder syn auto. De man waard sneontenacht yn Aldwâld trapearre doe't er foar de tredde kear op rige syn auto bestjoerde, wylst syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wie.

In autosleutel - Foto: Shutterstock.com

De maat wie dit kear fol foar de plysje en de auto fan de Westereender is yn beslach naam. Der is op 'e nij proses-ferbaal tsjin de man opmakke en hy moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje.

(advertinsje)
(advertinsje)