Man (21) bedriget Ljouwerter portier mei de dea

11 feb 2019 - 07:54

In 21-jierrige man sûnder fêst wenplak is yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert oanhâlden nei't er in portier mei de dea bedrige hie. De man wie krekt fan tefoaren út in kroech oan it Ruterskertier set, nei't er geweld tsjin dyselde portier brûkt hie.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

De man krige in lokaal hoarekaferbod, mar stie binnen in kertier wer binnen om de portier te bedriigjen. Hy is dêrnei troch de plysje oanhâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)