Dieven stelle scooter fan brânwachtfrijwilliger

11 feb 2019 - 07:49

De scooter fan ien fan de frijwillige brânwachten fan Snits is it ôfrûne wykein stellen. De reade Aprillia-scooter is stellen by de wenning fan de man oan de Jasker yn de wyk Tinga. De brânwacht hat op Facebook in oprop dien om út te sjen nei de scooter.

In scooterrider - Foto: ANP

De frijwilliger brûkt de scooter om rap by de kazerne komme te kinnen as syn piper giet. De man hat al oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
stellerij brânwacht Snits
(advertinsje)