Frou út Drachten koarret plysjeburo der ûnder

11 feb 2019 - 07:44

In 32-jierrige frou út Drachten hat it de plysje sneon aardich dreech makke. De plysje woe de frou yn har auto op de Vogelzang yn har wenplak oanhâlde, mar de frou naaide út. By har flecht botste se mei har auto tsjin twa parkearde auto's oan. Se fersette har bot by har oanhâlding en misledige de plysje.

Plysje - Foto: ANP

By har oanhâlding die bliken dat de frou softdrugs by har hie. Se wegere lykwols om mei te wurkjen. Dêrom naam de plysje har rydbewiis yn. Op it plysjeburo koarre de frou de ophâldkeamer der ûnder. Se is nei it arrestantekompleks yn Ljouwert brocht.

De skjinmakkosten fan 190 euro binne foar rekken fan de frou. Der binne meardere prosessen-ferbaal tsjin har opmakke.

Trefwurden: 
plysje Drachten softdrugs
(advertinsje)
(advertinsje)