Waadhoeke bliid mei plan foar gemeentetún: "Wy binne grutsk op de wurkgroep"

Der is oerienstimming oer de ynrjochting fan de tún fan it gemeentehûs fan de gemeente Waadhoeke yn Frjentsjer. De leden fan de wurkgroep binne it iens wurden. Dêr like it oardel wike lyn noch net op. Doe presintearren de leden fan de wurkgroep twa plannen oan de gemeenteried. Se waarden it ûnderling net iens oer de fraach oft der wol of gjin beammekap nedich wie yn de tún.
Beammmen yn it park © Shutterstock.com
Uteinlik is der in kompromis kommen. Der wurde wol beammen kapt, mar de grins fan it bosk bliuwt sa't it no ek is. Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke is bliid dat der úteinlik ien plan oerbleaun is. "It hat hartstikke dreech west, dat mei dúdlik wêze. Mar der leit no in hiel moai plan, dêr't wy wiis mei binne."

Protestaksje

Earder hie de gemeente in eigen ynrjochtingsplan weromlutsen, nei't omwenners protestearren tsjin de kap fan beammen by de Dreeslaan. In protestpetysje smiet doe hast 1200 hantekens op.
Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke