Meldkeamer Noard-Nederlân docht mei oan 112-dei

11 feb 2019 - 06:56

De Meldkeamer Noard-Nederlân yn Drachten docht moandei mei oan de Europeeske dei foar 112. De Europeeske kommisje hat dizze dei op 11-2 yn it libben roppen om minsken der bewust fan te meitsjen dat jo troch hiel Europa itselde nûmer belje kinne foar libbensbedriigjende situaasjes. Fan 11.00 oere ôf kinne minsken fia sosjale media lykas Twitter, Facebook en Instagram fragen stelle oan de sintralisten fan de meldkeamer.

Foto: Plysje

Elkenien ken it neednûmer 112 wol. Dat is dan ek net it doel fan de 112-dei leit, Jacomien Begeman fan de Feilichheidsregio Fryslân út. "Natuurlijk is 112 wel bekend, maar wat veel mensen niet weten is dat 112 in heel Europa te bereiken is. Vandaar dat deze dag in het leven is geroepen op 11-2. Onze centralisten van de brandweer, politie en ambulancezorgen zitten zelf achter de knoppen van Facebook, Instagram en Twitter. Iedere vraag is welkom, onze centralisten zitten er klaar voor."

By twivel belje

Nettsjinsteande it feit dat minsken it neednûmer allegear kenne, belje der noch altyd in soad minsken foar ferkearde saken. Begeman: "Als het geen nood is kun je het gewone nummer bellen: 0900 88 44. Sommige dingen kun je ook gewoon zelf oplossen, maar bij twijfel kun je ons altijd bellen. We gooien de hoorn er echt niet op."

Rûnlieding

Njonken it stellen fan fragen oan de sintralisten, binne der ek pear minsken dy't op de 112-dei in rûnlieding krije op de meldkeamer. "Dat is echt een uitzondering", seit Begeman mei klam. "Er zijn zo veel mensen die nieuwsgierig zijn, dat we iedere dag wel een rondleiding kunnen geven. Maar dat is natuurlijk niet ons werk."

Jacomien Begeman fan de Feilichheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)