Dyk N381 tusken Weinterp en Venekoten wer iepen

11 feb 2019 - 06:34

De N381 tusken de ôfslach Weinterp en de ôfslach Venekoten is wer iepen. It hiele wykein wie de provinsjale dyk ticht fanwege wurksumheden om ek dit stik fan de N381 twabaans te meitsjen. Ferkear moat wol rekken hâlde mei de nije situaasje. "Dat is even opletten", warskôget Jan Jelsma fan útfierder Heijmans.

Wurkje op de bou - Foto: Shutterstock.com

Moandeitemoarn om healwei fiven koe útfierder Heijmans de hikken fuorthelje en mocht it ferkear wer oer de N381 ride. Jan Jelsma, projektmanager Heijmans: "Het werk is klaar. We hebben bij Donkerbroek de nieuwe op- en afritten gemaakt en ruimte gecreëerd voor de nieuwe weg die daar aangelegd wordt. Het zal weggebruikers opvallen dat er een geleiderail staat, waarachter wij veilig kunnen werken."

Efkes wenne

It wurk ferrûn neffens planning, mar meiwurkers fan Heijmans krigen dit wykein hiel wat foar de kiezzen. "Regen, harde wind en af en toe zon; het viel niet altijd mee", jout Jelsma ta. "Maar het is gelukt." Wol warskôget er automobilisten dat se ekstra oplette moatte by Donkerbroek, om't der de nije op- en ôfritten yn gebrûk naam binne. "Dat is altijd even wennen."

Jan Jelsma fan Heijmans

Trefwurden: 
N381 Donkerbroek Heijmans
(advertinsje)
(advertinsje)