Waadgemeenten ha soargen oer ferrin kontenerberging yn Noardsee

11 feb 2019 - 06:11

It Fryske Gea en de Waadeilannen ha soargen oer it ferrin fan de berging fan de konteners dy't noch op de seeboaiem lizze. Se binne benijd hoe hurd oft it giet en hoefolle konteners oft der presys burgen binne.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

André Borsch, fan it bedriuw dat it ôffal ferwurket, seit dat er ferline wike net mear as oardel kontener binnen krigen hat. Begjin jannewaris ferlear de MSC Zoe hûnderten konteners.

Rykswettersteat seit de soargen op de eilannen te begripen. "Het gaat inderdaad niet in een razend tempo, maar vergeet niet: het is een gigantische klus die nog maanden gaat duren", seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat.

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

"Zorgvuldigheid gaat voor snelheid", seit De Feijter. "Er gebeurt wel degelijk wat, maar de berger is onder meer afhankelijk van het weer." Sa bleaunen de bergingsskippen sneon oan wâl fanwege de súdwesterstoarm. Snein binne se wer oan it wurk gien.

Ferline wike waard bekend dat der folle mear konteners fan de MSC Zoe fallen binne, as earder tocht waard. It giet om minimaal 345 konteners.

"We hebben delen van honderd containers naar boven gebracht."

"We weten nu waar ze allemaal liggen", seit De Feijter. "De onderzoeken van de zeebodem en de vaargeul boven de eilanden zijn afgerond. Dat was onze prioriteit. We wilden eerst zien waar alles precies lag. Dat hebben we nu in kaart gebracht."

Hoefolle konteners oft der presys burgen binne, kin De Feijter net sizze. "We hebben delen van honderd containers naar boven gebracht."

Ein jannewaris socht ferslachjouwer Remco de Vries út hoe't de berging fan de konteners yn syn wurk giet.

Noch hieltyd spielt der in soad troep oan op de eilannen. Sneon wie it wer raak troch de súdwesterstoarm, seit Richard Kiewiet fan It Fryske Gea op It Amelân. Kiewiet wol in leanbedriuw ynsette om de troep op te romjen.

Op Skylge spielde dit wykein ek troep oan op it strân. Mar wat slimmer is, sa fynt boargemaster Bert Wassink, is dat de troep no ek oan de Waadseekant fûn wurdt. Wassink is benaud dat it noch lang net klear is.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)