Twadde meunsteroerwinning yn ien wykein foar UNIS Flyers

10 feb 2019 - 23:02

De UNIS Flyers ha sneintejûn foar de twadde kear yn ien wykein in grutte oerwinning behelle. De iishockeyploech fan It Hearrenfean wie yn it Belgyske Deurne mei 19-1 te sterk foar de Antwerp Phantoms.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ofrûne freed hiene de iishockyers ek al in maklike jûn yn de BeNe League. Op Thialf waard it 15-1 tsjin it takomstteam fan de Tilburg Trappers.

Demelinne op dreef

Yn de earste perioade diene de Friezen it noch rêstich oan. Twa goals fan Tony Demelinne en in goal fan Pippo Limnell Finocchiaro brochten de stân op 0-3. Yn de twadde perioade wie der minder moederaasje foar de Belgyske tsjinstanner.

De Flyers kamen op 1-12 troch goals fan Adam Bezak (twa kear), Demelinne (twa kear), Marc Nijland, Todd Ratchford, Brent Janssen, Ronald Wurm en Ernesto Klem. Kenneth Pittoors makke de earetreffer foar de Belgen.

Trije goals yn de lêste minút

Yn de tredde perioade wiene de UNIS Flyers ek folle better as de Antwerp Phantoms. Dennis Sikma, Kenny Welles, Marco Postma en Jasper Nordemann bepaalden mei harren goals mei noch ien minút op de klok de tuskenstân op 16-1. Yn dy lêste minút skroefden Sikma, Wurm en Nijland de skoare fierder op ta 19-1. Dat wie úteinlik ek de einstân.

Troch de oerwinning bliuwe de Flyers op it tredde plak yn de BeNe League stean. De Friezen ha 45 punten út santjin wedstriden.

(advertinsje)