Hollânske histoarikus wol alle jierren in 'dei fan de Alvestêdetocht' hâlde

10 feb 2019 - 22:45

No't it hieltyd langer lyn is dat de Alvestêdetocht ferriden waard, fynt sporthistoarikus Jurryt van de Vooren dat der in jierlikse 'dei fan de Alvestêdetocht' komme moat. Op 15 jannewaris. Dat is de dei dat de feriening Friesche Elf Steden oprjochte is.

In toerrider is sa bliid dat er yn Dokkum is, dat er it iis tutet. (1997) - Foto: ANP

De earste dei fan de Alvestêdetocht soe takom jier al holden wurde moatte, fynt Van de Vooren. Op 15 jannewaris 2020 is it it eksakt 111 jier lyn dat de feriening Friesche Elf Steden oprjochte is.

Van de Vooren is de skriuwer fan it boek '8070 dagen'. Dêryn beskriuwt er hoe't it gemis fan de Alvestêdetocht libbet. "Als we het dan niet op het ijs kunnen beleven, dan maar anders", seit er.

New York Times

De lêste Alvestêdetocht wie yn 1997. We ha noch noait sa lang wachtsje moatten op de folgjende. Neffens Van de Vooren wie dêr in protte omtinken foar yn de media, oant yn de New York Times oan ta. Dy krante beskriuwt hoe't de Alvestêdetocht hieltyd seldsumer wurdt.

"From its inception in 1909 to 1963, the Elfstedentocht was held 12 times. Since then, there have been three, most recently in 1997. Some in Friesland wonder if it will ever be held there again."

De kâns op in Alvestêdetocht wurdt neffens meteorologen hieltyd lytser. Mar omdat je it noait seker witte, bliuwe de bestjoerders en rayonhaden fan de Alvestêdeferiening paraat. Nieuwsuur hat se in jier lang folge.

Van de Vooren seit dat de ferhaletradysje fan de Alvestêdekultuer noch hieltyd libbet. In oprop oan lêzers fan de Ljouwerter Krante smiet tsientallen ferhalen op. "In principe krijgen we nooit veel reacties, maar lezers klommen massaal in de pen", seit sjoernalist Renze Lolkema yn in podcast fan de krante. "Het leeft enorm."

Dat die ek bliken by in filmmaraton fan fiif oeren by Tresoar, yn Ljouwert. Dêr kamen tsientallen minsken op ôf. Minsken dy't de tocht meimakke ha, fertelden der oer.

"De verteltraditie houdt stand, dat is wel duidelijk geworden", skriuwt Van de Vooren op de webside fan syn boek. Hy fynt dat dy tradysje mear oandacht fertsjinnet, en dat de ferantwurdlikheid dêrfoar net by de Alvestêdeferiening leit, mar by argiven en musea.

De dei fan de Alvestêdetocht soe "een leuke dag" wêze moatte, "met verhalen, filmbeelden, bijzondere archiefstukken, digitale exposities, alles wat maar mogelijk is".

Neffens Van de Vooren komme der entûsjaste reaksjes op syn foarstel, fan ûnder oare Tresoar, it Fries Film Archief, en de Ljouwerter Krante. En dus tinkt er dat 15 jannewaris de earste dei fan de Alvestêdetocht wurdt. Behalve as der dan genôch natueriis leit. "Want schaatsen heeft natuurlijk altijd voorrang boven een verhalendag."

Us eigen ferslachjouwers ha ek allegearre in ferhaal oer de Alvestêdetocht. Yn 2017 wie it 20 jier lyn dat de tocht fan 1997 ferriden waard. Dêr makken we doe dizze special oer: "Dokkum is de himel".

(Advertinsje)
(Advertinsje)