Ungelok op krúspunt flak foar sikehûs MCL yn Ljouwert
Op in krúspunt flak by it sikehûs MCL yn Ljouwert binne twa auto's tsjin mekoar oan botst, nei't in man fan 22 jier troch read ljocht riden wie. In frou fan 49 jier moast nei it sikehûs, om har behannelje te litten oan 'e hân.
Gjin fan beide bestjoerders wie ûnder ynfloed fan alkohol.
Ferkear op de Aldlânsdyk en de Oostergowei hat hinder hân fan it ûngelok. Omdat de plysje earst ûndersyk dwaan woe, koene de auto's net fuortendaliks oan de kant sleept wurde. Beide auto's wiene bot skansearre.