Sander Arends pleatst him foar wrâldtennistoernoai yn Rotterdam

10 feb 2019 - 20:11

Tennisser Sander Arends hat him op it lêst mooglike momint pleatst foar it wrâldtennistoernoai dat dizze wike yn Rotterdam holden wurdt. Mei syn dûbelmaat David Pel moast er twa wedstriden winne om it haadtoernoai te berikken.

Foto: www.orange-pictures.nl

Arends en Pel hiene in wildcard krigen. Dêrmei mochten se meidwaan oan it kwalifikaasjetoernoai. Mar foardat se op it haadtoernoai ferskine mochten, moasten se earst wol winne.

De earste kwalifikaasjewedstriid spilen se tsjin Nikoloz Basilashvili (út Geörgië) en Matthew Ebden (út Australië). De Nederlanners wûnen mei 6-2 6-7 (4) 10-3.

Yn de beslissende kwalifikaasjewedstriid spilen Arends en Pel tsjin Austin Krajicek (út Amearika) en Artem Sitak (út Nij Seelân). Earst gong it lyk op, mar úteinliks kamen de Nederlanners as bêsten út de striid. It waard 7-6 (5) 6-3.

It haadtoernoai fan it ABN World Tennis Tournament begjint moandei, en duorret sân dagen.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)