Wrâldkampioen Wüst: "Dit is niet in woorden uit te drukken"

Direkt nei de finish die Ireen Wüst de hannen omheech. En doe't se twa ritten letter echt wrâldkampioene wie, kamen de triennen. "Ik wilde deze zó graag winnen voor Paulien."
© ANP
Ien moanne nei it ferstjerren fan har freondinne Paulien van Deutekom waard Wüst wrâldkampioen op de 1500 meter, mei in baanrekôr fan 1:52.81. "Misschien heeft Paulien wel een beetje geholpen."
Wüst hat al trije kear earder wrâldkampioen west op de 1500 meter. Mar dizze oerwinning is oars. "Dit is niet in woorden uit te drukken. Er gaat van alles door je heen. Ook het gemis van Paulien."
FIDEO: Wrâldkampioen Ireen Wüst
It bleau spannend oant de lêste race. Wüst hie de hannen foar de eagen, se woe it net sjen. Mar de spanning foarôf wie noch grutter, seit se. "Ik wilde zo graag iets speciaals neerzetten."
In groep supporters kaam spesjaal foar Wüst nei Inzell. "Een groep vriendinnen. Mijn ouders, familie en vriendin. Heel bijzonder dat ze er allemaal waren."

Foar De Jong is it WK "it begjin fan wat moais"

Antoinette de Jong hat twa kear in persoanlik rekôr riden, mar se waard gjin kampioen. Har bêste ôfstân wie de 3000 meter. Dêr waard se tongersdei twadde. Dit wykein kaam se net op it poadium telâne. Dêr gong se wol foar. Se baalt der fan.
Antoinette de Jong nei de 1500 meter
De Jong is hiel djip gong, op de 1500 meter. "Ik wie wol even siik, niiskrekt. Sa'n wykein is best heftich. En fjouwer dagen achter mekoar, dat ha ik noch noait dien."
"Dit is foar my in learproses. En miskien wol it begjin fan wat moais. Ik wurdt hieltyd better. No noch de kont nei ûnderen hâlde, en ôfsette op de goeie manier..."