Unferwachts goud foar shorttrackfroulju nei penalty Súd-Koreä

10 feb 2019 - 18:11

De Nederlânske shorttrackfroulju ha it wrâldbekerseizoen yn Turijn ôfsletten mei in gouden medalje op de relay. Dêrtroch einigje se as twadde yn it klassemint, achter Ruslân.

Foto: www.orange-pictures.nl

De winst like yn Turijn earst nei Súd-Koreä te gean. De Nederlânske froulju kamen as twadde oer de finish, mar Súd-Koreä krige in penalty. It is de twadde kear dit wrâldbekerseizoen dat de Nederlânske froulju winne op de relay.

It Nederlânske team bestiet út twa Friezen: Suzanne Schulting en Rianne de Vries. Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven binne de oare twa froulju.

Yndividuele medaljes wiene der snein net foar de Nederlanners. Schulting gong ûnderút yn de finale fan de 500 meter. Foarige wike waard yn Dresden al dúdlik dat se it wrâldbekerklassemint wûn hie op de 1000 meter. Sneon waard se ek kampioen op de 1500 meter.

De mannen bleaunen yn de finale stykjen op in fjirde plak. Daan Breeuwsma, Jasper Brunsmann, Itzhak de Laat en Dylan Hoogerwerf seagen hoe't Ruslân it goud pakte, foar Japan en Italië. De klassemintswinst wie foar Hongarije, ek al die dat lân nei in penalty fan freed dit wykein net mear mei yn de finale.

(advertinsje)