Schulting ûnderút op finaledei wrâldbeker shorttrack

Op de lêste dei fan it wrâldbekerseizoen is shorttrackster Suzanne Schulting ûnderút gien yn de finale fan de 500 meter. It is de earste kear dit seizoen dat se gjin medalje hellet op in yndividuele ôfstân.
© ANP
Schulting besocht bûtenom te gean by Elise Christie, dy't út Skotlân komt, mar de Friezinne gong ûnderút doe't de beide froulju mekoar rekken. De winst gong yn Turijn nei Martina Valcepina, út Italië.
De sifers fan Schulting binne dit seizoen tige yndrukwekkend. Nei njoggen yndividuele ôfstannen hie se njoggen medaljes helle. Seis dêrfan binne goud.
Foarige wike waard yn Dresden al dúdlik dat se it wrâldbekerklassemint wûn hie op de 1000 meter. Sneon waard se ek kampioen op de 1500 meter.