Douwe de Vries komt der net oan te pas op WK massastart yn Inzell

10 feb 2019 - 16:56

Reedrider Douwe de Vries fan Hearrenfean spile gjin rol fan betsjutting op de slotôfstân fan it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Inzell. Hy wie de iennige Fries dy't meidie oan de massastart.

Foto: www.orange-pictures.nl

De winst wie foar de Amerikaan Joey Mantia. De Súd-Koreanen Cheonho Um en Jaewon Chung waarden twadde en tredde.

Der stiene twa Nederlanners oan de start. Douwe de Vries en Chris Huizinga. Dy makken der in hurde wedstriid fan. Beide besochten se te ûntsnappen út it peloton, mar beide kearen sneuvele de poging.

Mei noch twa ronden te gean wie Huizinga der ôf. En ek De Vries kaam der yn de sprint net oan te pas. Hy wie wat siik, de nacht fantefoaren, sei er nei ôfrin. "Mar dêr hast in piltsje foar, en dan is it wer fuort."

Der waard hiel hurd riden op de iisbaan fan Inzell, seit De Vries. "It wiene ek hiele krappe bochten. Je moasten hast shorttrack-izers brûke."

Dat de massastart gjin sukses wie, betsjut net dat it WK mislearre is foar De Vries. Hy helle in gouden medalje by de ploege-achterfolging. "Dy wie foar my it belangrykste."

"We wisten fantefoaren dat de massastart dreech wurde soe, sûnder supersprinter. En je moatte ek wat gelok ha, dat de bêste sprinters de gatten tichtride. Mar dy koene oeral moai meipiere. In pear rondes foar de ein wie al dúdlik dat we it net rêde soenen."

Jorrit Bergsma wie der net by

Foarôfgeand oan de massastart wie der wat gedoch oer de seleksje. Net elkenien fûn Douwe de Vries en Chris Huizenga de bêste kar foar de Nederlanners.

Jorrit Bergsma die net mei. Hy fielde him net goed genôch, sei er tsjin de NOS. Dat syn ploech net bliid wêze soe mei de kar fan de bûnscoach, hie dêr neffens him neat mei te krijen, al fûn er it wol wat in 'aparte' opstelling.

"Yn myn eagen wie Simon Schouten de iennige dy't ynternasjonaal wat sjen litten hie. Dat is it frjemd dat dy der net tusken sit. Mar oft ik wol riden hie as hy yn de seleksje sitten hie? Dat wit ik net."

In Nederlânske wrâldkampioen by de froulju

By de froulju waard Irene Schouten wrâldkampioen, foar de Kanadeeske Ivanie Blondin. Der wiene der gjin Fryske dielnimmers.

(advertinsje)
(advertinsje)