Ireen Wüst wrâldkampioen op 1500 meter yn Inzell: "Deze is voor Paulien"

10 feb 2019 - 15:07

Ireen Wüst is wrâldkampioen wurden op de 1500 meter. Mei in tiid fan 1:52.81 wie se flugger as alle oaren op it WK ôfstannen yn it Dútske Inzell.

Foto: www.orange-pictures.nl

Wüst wie in heale sekonde flugger as de nûmer twa, Miho Takagi, út Japan. De Amerikaanske Brittany Bowe waard tredde.

"Dit is echt heel bijzonder," sei Wüst direkt nei ôfrin fan de race. "Ik wilde deze zo graag winnen, voor Paulien." Reedrydster Paulien van Deutekom wie in goeie freondinne fan Wüst. Se ferstoar oan it begjin fan dit jier oan in slimme sykte. "Ik denk dat ze me vandaag een beetje heeft geholpen."

Foto: ANP

Regearjend kampioene Heather Bergsma wie der dit jier net by. Se is foarich jier mem wurden, en dêrom rydt se no even net.

"Dit is absoluut de mooiste"

It is de fjirde kear dat Wüst wrâldkampioen wurdt op dizze ôfstân. Earder wie se dat yn 2007, 2011 en 2013. Wüst is ek regearjend Olympysk kampioen. Mar de oerwinning yn Inzell is oars as oars, seit se.

"Dit is anders dan normaal. Ik ben nog nooit zo zenuwachtig geweest in mijn carrière. Als het dan lukt... Dat is ongekend. Dit is absoluut de mooiste!"

Antoinette de Jong waard fiifde, yn in tiid fan 1:53.76. Doe't se dy tiid delsette, wie dat in baanrekôr, mar fjouwer fan de seis froulju dy't nei har starten, gongen der noch foarby.

Ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber binne yn Inzell foar de WK ôfstannen. Se dogge rjochtstreeks ferslach op de radio, en se hâlde ek in liveblog by.

Trefwurden: 
reedriden WK Ireen Wüst Inzell
(advertinsje)