HEA! Skiven skowe by shuffleboard yn Ychtenbrêge
HEA! Shuffleboard
De allerearste Nederlânske shuffleboardferiening komt út... Ychtenbrêge. In groepke doarpsbewenners kaam ferline jier mei de sport yn oanrekking, en wie fuort ferkocht. By shuffleboard skowe je skiven oer in lange, smelle baan foarút. Je moatte sels punten meitsje, mar kinne ek de tsjinstanner hinderje.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.