LIVEBLOG: WK Reedriden Inzell dei 4
En dêrmei slute we dit WK ôf. Nederlân pakte sân gouden medaljes.
Tank foar it folgjen.
Hy wurdt 13e op de massa-start. Joey Mantia wurdt wrâldkampioen, folge troch Um en Chung út Súd Korea.
We wachtsje no op de massa-start mei de Fries Douwe de Vries en Chris Huizinga.
- Irene Schouten
- Ivanie Blondin
- Elizaveta Kazelina
Irene Schouten is wrâldkampioen massa-start. De pupil fan Jillert Anema giet betiid oan en makket it briljant ôf.
Thomas Krol wint ferrassend de 1500 meter. De favoryt Kjeld Nuis wurdt fyfde. Pedersen twadde en Yuskov tredde. Patrick Roest
1 Ireen Wüst
2 Miho Takagi
3 Brittany Bowe
4 Yekaterina Shikhova
5 Antoinette de Jong
Ireen Wüst is de nije wrâldkampioen. Se wint mei 1.52,Antoinette de Jong falt bûten it poadium.
Ireen Wüst rydt in geweldige rit. Se is earste mei 1.52,81 en ek de Russyske Shikhova rydt hurder as De Jong. Dy stiet no tredde.
Antoinette de Jong set de earste tiid del: 1.53,76.
No folgje noch har grutste konkurrinten Wüst, Takagi en Bowe.