Hoe komt it mei sosjale wurkfoarsjenning Caparis?

10 feb 2019 - 11:49

It is in spannende tiid foar sosjale wurkfoarsjenning Caparis yn Drachten. De kommende moannen bepale de acht gemeenten (Ljouwert, Smellingerlân, Hearrenfean, Opsterlân, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Eaststellingwerf en Weststellingwerf) hoe't de takomst fan it bedriuw derút sjocht.

Foto: Omrop Fryslân

Nei de ynfiering fan de Partisipaasjewet yn 2015 binne de gemeenten ferantwurdlik wurden foar de sosjale wurkbedriuwen. Tagelikertiid waard der bot besunige op de SW-bedriuwen.

De ôfrûne trije jier wurdt der al striden oer hoe't Caparis ynrjochte wurde moat. Foar de wurknimmers is it in ûnwisse tiid. Dêrby wiene der ek noch in soad bestjoerlike perikels yn it bedriuw mei rjochtsaken, grutte ôfkeapsommen foar direkteuren en rieden fan kommissarissen dy't opstapten.

Neffens direkteur Alex Bonnema is it no echt nedich om te kiezen foar de polityk.

Foto: Omrop Fryslân

We hawwe de ôfrûne jierren hieltiid oer de rotonde riden en tocht we slaan de ôfslach noch efkes oer, mar dy ôfslach moat no naam wurde. Der is al te lang omgriemd. 

Alex Bonnema

Der binne ek gemeenten dy't de 'cashcows' út it bedriuw helje. Dat is in ferwyt fan Bonnema oan bygelyks Eaststellingwerf. Dizze gemeente, mar ek Ljouwert, hat de grienfoarsjenning nei de eigen organisaasje helle.

Neffens Bonnema fiert Eaststellingwerf in aktyf belied yn it binnenheljen fan meiwurkers fan Caparis nei harren eigen gemeentlik bedriuw. Dat is neffens him net neffens de ôfspraak. De grienfoarsjenning is in ûnderdiel dat winst opleveret. As dat út it bedriuw Caparis helle wurdt is it dreger om lyk te draaien.

Frank, meiwurker fan Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Wat my sa lilk makket...it giet hjir net om masines mar om minsken.

Alex Bonnema

Bonnema wol no sa gau as mooglik dúdlikheid fan alle gemeenten en dan ek aksje ûndernimme. It wurdt neffens him in yngewikkeld proses dat gemeenten in soad jild kostje sil.

Minsken moatte sintraal stean

Dat kin neffens de direkteur fan de sosjale wurkfoarsjenning in probleem wurde omdat in soad gemeenten al tekoarten hawwe op it sosjaal domein. Hy fynt dat de eagen folle mear rjochte wurde moatte op de minsken dy't wurkje by Caparis. Dy moatte sintraal steld wurde fynt hy.

Raymond, meiwurker fan Caparis - Foto: Omrop Fryslân

Hoe moat it fierder?

De gemeenten hawwe yntusken in pear konferinsjes hân oer de takomst. De kommende moannen sille der besluten falle moatte. De gemeenten sille apart fan mekoar mei it bedriuw om 'e tafel om de takomstige ynset fan meiwurkers fan Caparis te besprekken. Yn juny moat dan de kûgel troch de tsjerke.

Der binne yn alle gefallen fjouwer gemeenten dy't fierder wolle mei Caparis: Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Opsterlân. Achtkarspelen hat al oanjûn fan Caparis ôf te wollen. Tytsjerksteradiel, Eaststellingwerf en Weststellingwerf moatte noch beslute.

Yn de Fryslân DOK 'Sûnder druk' komme de wurknimmers fan Caparis oan it wurd. Wat betsjut it bedriuw foar harren en wat soe it betsjutte as de wurkfoarsjenning ôfbouwe moat? Direkteur Alex Bonnema sketst in byld fan it bedriuw en de konsekwinsjes fan it mooglik úttrêdzjen fan gemeenten út de saneamde mienskiplike regeling fan Caparis.

(advertinsje)