Trije 18de-iuwske roubuorden pronkje wer yn de tsjerke yn Gytsjerk

10 feb 2019 - 10:25

In kolonel út it leger fan de prins fan Oranje, in advokaat fan it Hôf fan Fryslân en in eardere boargemaster fan Ljouwert. Fan dizze trije pommeranten hingje roubuorden yn de Martinustsjerke yn Gytsjerk. Se pronkje dêr sûnt koart wer, want se binne restaurearre.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De roubuorden komme út 1733 en 1736. Randolph Algera hat se yn syn atelier hielendal opknapt.

Der siet môge yn it hout en de doeken dy't derachter sieten, wienen hast hielendal fergien. Alle ûnderdielen binne no skjinmakke, op 'e nij farve en wat los siet, is wer fêstmakke.

René Koster seach yn de tsjerke yn Gytsjerk

Foar Buro de Vries seach René Koster it einresultaat en prate mei tsjerkfâd Sjolle Wieringa en amateur-histoarikus Jan van der Zwaag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)