Bestjoerder rekket swierferwûne nei botsing op de N351
Op de N351 by Nijeholtpea is sneontejûn in automobilist swierferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak botste de bestjoerder tsjin in beam. Helptsjinsten rieden manmachtich út. It slachtoffer siet beknypt en is troch de brânwacht befrijd. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Grins brocht.
De dyk tusken Nijeholtpea en Aldeholtpea hat in skoft ôfsletten west.