Merel Bosma wint tolfde Marathon Cup yn Enschede

Reedrydster Merel Bosma fan Snits hat sneon har earste oerwinning yn de KPN Marathon Cup pakt. Yn Enschede bleau de 26-jierrige Friezinne de dit jier hast ûnfersleinbere Manon Kamminga foar. Imke Vormeer einige op it tredde plak by dizze tolfde wedstriid om de KPN Marathon Cup.
Merel Bosma oan kop by in maratontraining © Martin de Jong
By de manlju wie Robert Post sneontejûn it sterkst. Hy wûn nei 125 rûntsjes de sprint fan Evert Hoolwerf en Crispijn Ariëns, fan Wolvegea. Foar Post wie it syn twadde oerwinning, nei't er yn desimber yn Breda foar it earst wûn yn de Marathon Cup.