Winst foar VC Snits tsjin Set-Up '65

Yn de Snitser Sporthal pakten de follybalfroulju fan VC Snits sneontejûn in 3-1 oerwinning tsjin Set-Up '65 út Ootmarsum. De wedstriid gie lykop en dat wie ek oan de setstannen te sjen. Dy waarden úteinlik 25-27, 25-16, 28-26 en 28-26.
Argyffoto Hester Jasper © www.dijksfotografie.nl
It team fan coach Paul Oosterhof ferlear de earste set mei in lyts ferskil. De twadde set gie oertsjûgjend nei de Snitsers mei 25-16. De twa sets dernei ek, al wiene dy in stik spannender.
Yn beide sets hiene de ploegen net genôch oan 25 punten en moast der trochspile wurde oant der in ferskil fan twa punten wie. Beide kearen wie it Snits dat de set pakte mei 28-26.

Kampioenspûl

It wie de lêste wedstriid yn de reguliere kompetysje. De Snitser froulju geane as nûmer trije fierder yn de kampioenspûl.