Dúdlike nederlaach foar Aris tsjin koprinner Leiden

De basketballers fan Aris út Ljouwert hawwe sneontejûn ferlern fan koprinner Leiden. De ploech fan coach Tony Van Den Bosch gie mei romme sifers fan 91-64 ûnderút yn de sporthal fan Leiden. De Ljouwerters kamen de hiele wedstriid eins net yn 'e buert.
© Aris Ljouwert
Yn de earste tsien minuten fan de wedstriid pakte Aris in foarsprong fan 2-8 yn Leiden. Nei it earste kwart stie it lykwols 27-20 yn it foardiel fan de koprinner. By it skoft hie de thúsploech de foarsprong útboud nei leafst 51-32.

Leiden sterker

Ek nei rêst bleau Leiden better basketbal sjen litte. Nei it tuskenstân fan 71-42 by it begjin fan it fjirde kwart einige it duel úteinlik yn 91-64 foar de koprinner.
Takom tongersdei moat Aris foar de nasjonale kompetysje ôfreizgje nei Den Bosch.