LDODK wint spannende wedstriid fan DeetosSnel yn Dordrecht

09 feb 2019 - 21:36

De kuorballers fan LDODK hawwe sneon mei 23-27 wûn fan DeetosSnel. Yn Dordrecht hie hikkesluter DeetosSnel net folle yn te bringen yn de earste helte, mar de ploech kaam sterk werom yn de wedstriid yn de twadde helte.

Marjolijn Kroon (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

De ploech fan De Gordyk en Terwispel kaam al gau op in 3-0 foarsprong. DeetosSnel skoarde dêrnei trije kear, mar it ferskil wie al gau fiif punten en healwei de wedstriid stie LDODK op in komfortabele foarsprong fan 10-17.

Net goed út de klaaikeamers

Dochs waard it noch tige spannend. De Dordrechtenaren kamen goed de klaaikeamers út en hielendal werom yn de wedstriid: 20-20. Troch Marjolijn Kroon en Erwin Zwart pakte LDODK dernei de tried wer op en pakte in gatsje fan trije punten.

Yn de lêste minuten rûn de skoare noch wat mear op en waard it úteinlik 23-27. De beide ynternasjonals oan de kant fan LDODK, Marjolijn Kroon en Erwin Zwart wienen wichtich foar de ploech mei respektieflik 6 en 7 goals.

Tredde plak

Troch de oerwinning bliuwt LDODK op it tredde plak stean yn de kompetysje.

Haadklasse B

Yn de haadklasse B kamen de kuorballers fan SCO en Mid-Fryslân yn aksje. SCO ferlear thús mei 20-25 fan Dalto. Yn Arnhem gie ek Mid-Fryslân ûnderút. Tsjin Oost-Arnhem waard it 29-23 yn it foardiel fan de thúsploech.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)