SC Hearrenfean spilet lyk yn oantreklik duel tsjin PEC Zwolle

09 feb 2019 - 20:24

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra stadion in punt pakt tsjin PEC Zwolle. Op It Hearrenfean einige it duel tusken de twa ploegen yn 1-1. Doelpunten kamen fan Michel Vlap en Thomas Lam, en waarden alle twa yn de earste helte makke.

Foto: Orange Pictures

Yn de oantreklike begjinfaze fan it duel kamen de besikers fan PEC Zwolle nei in kertier hast op foarsprong. In skot fan Van Duinen koe lykwols troch keeper Hahn tsjinholden wurde.

Lyk by rêst

Nei in goed healoere kaam Hearrenfean op 1-0. Michel Vlap tikke de rebound yn it doel fan de besikers. Yn de alderlêste minút kaam PEC Zwolle op likense hichte troch Thomas Lam.

Yn de twadde helte waard PEC inkelde kearen gefaarlik fia Van Duinen. De aktive oanfaller fan de Zwollenaren moast fanwegen in blessuere lykwols wiksele wurde.

Foto: Orange Pictures

Dochs bleau PEC Zwolle de oanfal sykjen. Tsien minuten foar de ein fan de wedstriid moast keeper Hahn noch fier gean om in skot út de goal te hâlden. Nettsjinsteande in goeie slotfaze fan Hearrenfean waard der net mear skoard yn it Abe Lenstra stadion.

SC Hearrenfean - PEC Zwolle 1-1 (1-1) 29. Vlap 1-0, 45. Lam 1-1.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Rienstra, Vlap, Van Bergen, Lammers (83. Van Amersfoort), Mihajlovic (60. Johnsen).

(advertinsje)