Wrâldkampioen Bergsma: "Nei de 5.000 meter is dit in hiele opstekker"

De teloarstellende 5.000 meter fan Jorrit Bergsma hat noch wol in skoft neidreund by de Aldeboarnster. Nettsjinsteande dy twivels pakte Bergsma sneon dochs de wrâldtitel op de 10.000 meter. "Nei de 5.000 meter is dit in hiele opstekker!"
Jorrit Bergsma
"In wrâldtitel bliuwt hiel bysûnder. Ik bin hiel wiis dat ik him hjoed pak", fertelde Bergsma sneon nei ôfrin fan de 10.000 meter. It wie de tredde kear dat hy dy titel pakke koe. Dochs wie dat wol in lytse ferrassing. Op de 5.000 meter waard Bergsma tongersdei teloarstellend tolfde.
"Nei twa dagen lyn wie dizze tiid in hiele opstekker. Ik twivele wol oft myn tiid genôch wêze soe. Op in gegeven momint gie Patrick Roest nei de rûntsjes 30-leech en dan tinke je: 'Miskien rydt er myn tiid nei hûs ta'. Mar dan sjogge je dat hy it der dreech mei krijt en syn tiid op rint."
© Orange Pictures
De coach fan Bergsma, Jillert Anema, wie ferromme en hielendal gek nei de oerwinning fan syn pupil. Anema is bliid, omdat it noch net hielendal goed gong dit seizoen. En ek net by dit WK.
"De oaren wurde ek better", sa sei Anema. "Sa simpel is it ek, mar wy ha it dit seizoen noch net sjen litten. Dan is it moai dat we it no wol sjen litte. En ik wurd dan even hielendal gek nei de tiid. Dan moat ik even rinne. Je sitte dan yn dy lêste rit fan Roest neat te dwaan. Dan moat dy enerzjy der út."
Jillert Anema
Anema pakte dêrnei fuort de telefoan. "Ik woe efkes wat filmje. Wolst dat ha? No, foarút mar." Sjoch hjir nei de opnamen fan Jillert Anema:
Bylden filme troch Jillert Anema