Jorrit Bergsma pakt tredde wrâldtitel op 10.000 meter yn Inzell

09 feb 2019 - 17:33

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat sneontemiddei yn Inzell syn tredde wrâldtitel op de 10.000 meter behelle. Mei in tiid fan 12.52.93 pakte de Fries de winst. Yn 2013 yn Sotsji en twa jier letter op It Hearrenfean waard Jorrit Bergsma ek wrâldkampioen op dy ôfstân.

Foto: ANP

Patrick Roest kaam 0.41 sekonde tekoart foar syn earste gouden medalje op it wrâldkampioenskip en einige as twadde yn 12.53.34. It tredde plak wie foar Danila Semerikov yn 12.57.40.

Bergsma makke yn de fjirde rit in fitte yndruk. Hy ried 23 rûntsjes yn de 30 sekonden. Troch syn lêste ronde fan 32 waard it noch spannend.

(advertinsje)