Schulting wint 1500 meter yn Turijn

09 feb 2019 - 17:12

Suzanne Schulting fan De Tynje hat by de wrâldbeker shorttrack yn Turijn ek it einklassemint op de 1500 meter pakt. Schulting wûn op it Italiaanske iis de lêste 1500 meter mei oermacht, foar de Súd-Koreaanske Kim Ji-yoo en Anna Seidel út Dútslân.

Foto: ANP

Foar Schulting wie it moai dat de Súd-Koreaanske Choi Min-jeong de finale net helle. Choi waard twadde yn de B-finale en seach de Europeesk kampioene oan har foarby gean yn it klassemint.

It wie de twadde oerwinning foar de Friezinne dit seizoen op de 1500 meter. Earder wûn se de wrâldbekerwedstriid yn Kanada.

(advertinsje)