Amateurfuotbal sneon: ONS Snits wint, punt foar Harkemase Boys

09 feb 2019 - 16:59

Fan de Fryske amateurfuotbalploegen op it heechste nivo hat ONS Snits sneon as iennige trije punten pakt. De Snitser fuotballers wûnen yn eigen hûs mei 4-1 fan VV Eemdijk. Difyzjegenoat Harkemase Boys pakte in punt tsjin VVOG yn Harderwijk. Yn de haadklasse gie VV Bûtenpost mei 2-0 de boat yn tsjin AZSV Aalten.

Foto: Orange Pictures

ONS kaam yn de 24ste minút op foarsprong troch Michael Lanting, dy't in strafskop fersulvere. Yn de twadde helte kopte Yumé Ramos it twadde Snitser doelpunt binnen. Curty Gonzales en wer Ramos soargen dêrnei foar de 4-0. Yn de slotfaze skoarde David van de Groep de earetreffer foar VV Eemdijk.

Takom wike sneon treft ONS Snits yn de 'Fryske derby' Harkemase Boys. De Harkemaster fuotballers en tsjinstanner VVOG kamen yn Harderwijk net ta skoaren.

Bûtenpost wer ûnderút

Foar VV Bûtenpost wie der sneon wer in nederlaach. Yordi Orriëns en Niek te Veluwe brochten AZSV Aalten de 2-0 oerwinning.

(advertinsje)
(advertinsje)