Bowe pakt twadde wrâldtitel, De Jong sechde op 1000 meter

Brittany Bowe hat foar de twadde kear de wrâldtitel op de 1000 meter ferovere op it WK ôfstannen mei in tiid fan 1.13.41. Europeesk allroundkampioene Antoinette de Jong fan Rottum ried in kreas persoanlik rekôr fan 1.14.70 en einige as sechde.
© ANP
Vanessa Herzog einige op it twadde plak yn in tiid fan 1.14.18. It brûns op de 1000 meter gie nei Nao Kodaira yn 1.14.44.
Ireen Wüst kaam net yn aksje op de 1000 meter. Sanneke de Neeling ried yn har plak nei de achtste posysje.