Noppert fuortendaliks ûnderút op earste Players Championship
Danny Noppert fan De Jouwer is syn twadde seizoen by de PDC fuortendaliks begûn mei in nederlaach. Op it earste Players Championship yn Wigan moast de Fryske darter belies jaan tsjin Stephen Burton: 6-3.
De 28-jierrige Noppert kaam wol mei 2-1 foar tsjin de Ingelskman, mar seach syn tsjinstanner dêrnei útrinne nei de winst. It gemiddelde fan 83 foar de Jouster wie net genôch om it Burton echt dreech te meitsjen.
Earste wedstriden
Snein wurdt yn Wigan ek it twadde Players Championship fan de PDC hâlden. Foar Noppert wie dit it earste dartwykein nei't er yn desimber al betiid útskeakele waard op it wrâldkampioenskip yn Londen.