Sablikova wint 5000 meter yn Inzell, Kleibeuker fiifde

09 feb 2019 - 15:15

Martina Sablikova hat sneontemiddei yn Inzell de 5000 meter op it WK ôfstannen op har namme skreaun. Mei in baanrekôr fan 6.44.85 pakte de Tsjechyske reedrydster yn de lêste ronde de wrâldtitel. Foar Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean siet der net mear yn as it fiifde plak.

Foto: ANP

Kleibeuker einige yn in tiid fan 6.56.47. Se koe dêrmei har ôfskied fan it WK ôfstannen net opfleurje mei har twadde medalje, nei har sulveren plak op de 5000 meter yn 2016.

Visser sulver

Lângenoat Esmee Visser einige op it twadde plak, Natalia Voronina út Ruslân pakte it brûns.

Carien Kleibeuker

(Advertinsje)
(Advertinsje)