Stoarmskea yn Fryslân: omwaaide beammen en losse platen

09 feb 2019 - 13:34

Oer Fryslân raast dizze sneon in behoarlike stoarm. De earste meldingen fan skea komme binnen.

Foto: Compact Media

Yn it sintrum fan Wolvegea oan de Heerenveenseweg hong in plaat los troch de hurde wyn. It giet om in gebou dat yn de stegers stiet. Der moast in heechwurker oan te pas komme om de plaat wer fêst te meitsjen.

Foto: Srfotografie

Op De Gordyk foel in beam om troch de hurde wyn. De beam fan 15 meter lei oer de hiele dyk. De gemeente hat de beam oprêden.

Foto: Srfotografie

Yn Stiens wie op de Truerderdyk in beam omwaaid. De brânwacht hat de beam oprêden. De gemeente hat de dyk ôfsletten om't mear beammen driigje om te fallen.

Oanhingwein

Op de N31 is in auto mei oanhingwein skansearre rekke op de ôfrit Ljouwert-Noard. De auto is dêrby yn tsjinstelde rjochting op de ôfrit kaam te stean. It trochgeande ferkear op de Heak ûnderfynt gjin oerlêst fan it ûngelok.

Trefwurden: 
skea stoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)