Piet Paulusma tinkt 25 jier op nasjonale telefyzje wol fol te meitsjen
Waarman Piet Paulusma hat al in pear foarstellen krigen foar nij wurk. Hy wol dêr noch net te folle oer sizze, mar wat de takomst oanbelanget sjocht er de sinne wer skinen.
Hy tinkt dat er de 25 jier op nasjonale telefyzje wol fol meitsje sil. Piet sei dat sneontemoarn yn it Omropradioprogramma Op en Ut. Dêr hat er in fêste rubryk.
Begjin dizze wike waard bekend dat de waarman nei 23 jier fuort moat by stjoerder SBS6. Ut it hiele lân binne dêr reaksjes op kommen. "Hertferwaarmjend" sei Piet Paulusma. "Ik hie hielendal net yn de gaten dat dit sa libbe."