Yn Easterwâlde is in proef om minsken mei lêsproblemen te helpen yn soarch

09 feb 2019 - 12:36

Minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne, binne minder sûn, docht bliken út ûndersyk. Se geane faker nei de dokter, it sikehûs en de apoteek. It is foar de groep dreech om ynformaasje oer sykte en sûnens te lêzen. En sa kinne bygelyks medisinen ferkeard brûkt wurde. Dat is ferfelend foar harren en it liedt ta hegere soarchkosten.

Foto: Shutterstock

Yn Easterwâlde dogge se in proef yn it sûnenssintrum om dêr feroaring yn te krijen. Húsdokters, de apoteek, de fysioterapeut en jeugdsûnenssoarch komme mei in yntegrale oanpak.

Der komme in oantal projekten, lykas training foar meiwurkers fan it sûnenssintrum, in sosjale kaart mei trochferwizings en in ûnderfiningssaakkundige as gastfrou of -hear. It doel is dat aanst alle besikers makliker ynformaasje krije en dy begripe en tapasse kinne.

Vitale Regio

De oanpak fan 'laaggeletterdheid' is ûnderdiel fan Vitale Regio. Dat dizze pilot yn Eaststellingwerf úteinset, is omdat dêr relatyf mear minsken wenje dy't net sa goed lêze en skriuwe kinne as yn oare Fryske gemeenten.

Yn de groep oant 64 jier hat 13 oant 16 persint muoite mei lêzen en skriuwen. By âlderen is dat sels mear as 20 persint. Der wenje mear mbo-ers en benammen âlderen hawwe in legere oplieding, neffens wethâlder Esther Verhagen.

Tineke Leyten en wethâlder Esther Verhagen

Tineke Leyten fynt it dreech om it paad te finen by it sûnenssintrum:

Sûnens en laaggeletterden

Wethâlder Esther Verhagen fan Eaststellingwerf fertelt oer de proef om minsken mei lêsproblemen te helpen om te gean yn de soarchwrâld:

WethalderEstherVerhagen

(Advertinsje)
(Advertinsje)