Kontenertroep bliuwt oanspielen op de Waadeilannen

09 feb 2019 - 12:32

De súdwesterstoarm soarget derfoar dat wer in soad troep oanspielt op de Waadeilannen. It giet om guod út de konteners dy't begjin jannewaris fan it skip de MSC Zoe fallen binne. It strân op It Amelân leit op it stuit alwer fol mei troep. Ek op Skylge bliuwt guod út de konteners oanspielen.

Foto: André Borsch

It giet wer om deselde spullen as earder. Boartersguod, skuon en oare troep folje wer de floedline op de eilannen. Natuerbehearder Richard Kiewiet fan It Fryske Gea: "We binne no seis wiken fierder en it wurdt net better. It falt echt fiis ôf."

It binne benammen grutte stikken dy't oanspiele. Dy binne reedlik maklik op te romjen sa seit Kiewiet: "Wy wolle moandei in leanbedriuw ynskeakelje. Dizze troep moat net ûnder it sân bedarje. Mei dit waar bart soks al wol frij gau. Der leit gewoan te folle en dat moat opromme wurde."

Kiewiet is benaud dat de oandacht foar de gefolgen foar de ramp ferslappe: "De oandacht moat der op bliuwe. Want safolle is der noch net út see helle. Sjoch mar yn Harns. Dêr leit kwealik troep dat út see fiske is."

André Borsch fan bergingsbedriuw BDS, it bedriuw dat it ôffal ferwurket, befêstiget dat. Borsch seit dat se dizze wike mar oardel kontener binnen krigen hawwe. Kiewiet wol dat de fiskers wer ynskeakele wurde. Dy binne neffens him poer geskikt om de troep út see te heljen en har fiskgebiet wer skjin te krijen.

Natuerbehearder Richard Kiewiet fan It Amelân en boargemaster Bert Wassink fan Skylge

Skylge

Op Skylge spielt no oan de Waadseekant guod oan. Alle dagen wurdt yn de haven guod ôfkomstich út de konteners út it wetter helle: "Ik herken de troep van het strand. In de haven is het er makkelijk uit te halen. Alleen ligt het er de volgende dag weer" seit boargemaster Bert Wassink. Op it strân is it byld net oars: "Daar spoelen nu veel afstandsbedieningen aan. Het is alleen lastig een goed beeld te krijgen omdat we 30 kilometer strand hebben."

Wassink is benaud dat it noch wol jierren troch gean kin: "We hebben bijvoorbeeld ook heel lang last gehad van wikkels van colaflesjes. Jarenlang hebben we die teruggevonden op de stranden. Dat gaat met deze troep niet anders worden."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)